WMO-soarch yn Ljouwert giet nei nije gearwurking: wat betsjut it foar jo?

06 mrt 2020 - 09:21

De ferliening fan deibesteging en ambulante soarch yn Ljouwert binnen de WMO giet yn 2021 nei WINDKRACHT058. Dat is in nij gearwurkingsferbân fan Aardema Zorg Groep, Innzorg en JijCentraal, plus 16 oare bedriuwen dy't ynhierd wurde. It betsjut dat de gemeente net mear aparte ôfspraken makket mei allerhanne soarchferlieners, mar ien kontrakt slút mei it gearwurkingsferbân. Ljouwerters dy't soarch krije, sille mooglik te meitsjen krije mei in oare wurkwize en in nije soarchferliener.

De kommende tsien moannen is der foar kliïnten in oergangsfaze, sa't minsken dy't gebrûk meitsje fan de soarch net fuortendaalks te krijen hawwe mei grutte feroaringen. De nije wurkwize kin ek betsjutte dat personiel fan wurkjouwer feroarje moat. Dêr meitsje de soarchoanbieders de kommende tiid ôfspraken oer.

Bûten de boat falle

It betsjut ek dat der in soad soarchferlieners dy't no foar de gemeente wurkje, net mear in fêst kontrakt hawwe. De gemeente jout oan dat it net perfoarst betsjut dat de soarchoanbieders dy't net ûnder it kontrakt falle, harren wurksumheden tenei net mear dwaan kinne. Dy soarchferlieners soene in gearwurking oangean kinne mei ien fan de trije haadoanbieders. Dat is lykwols net oan de gemeente, mar oan de soarchferlieners ûnderling.

Finansieringstekoart

Thuiszorg Het Friese Land en M.i.e.p. Huishoudservice ferliene fan 2021 ôf de stipe foar help by húshâldingen. De kombinaasje Amancluzioryllis-I hat earder de basisstipe gund krigen. De nije organisaasje fan de WMO-taken fan 2021 ôf hat te krijen mei it tebekkringen fan it finansieringstekoart op de WMO.

Dit binne de 16 ûnderoannimmers dy't ferbûn binne oan it gearwurkingsferbân: Werkpro, Zorgsloperij De Kans, Pluskwadraat, Dagbesteding Grou, Scooter Werk, Stay Focused, Zorg van Aafke, NAHzorg, Magis begeleiding, Stichting Odensehuis, De Noorderbrug, Netwerkpsychologen, Naima Coaching, De Buromaat, Praktijk Ulco begeleiding, Rondom Zorg.

(advertinsje)
(advertinsje)