Advyskommisje: stikstofberekkeningen foldwaande, mar it moat wol better

05 mrt 2020 - 16:41

De manier wêrop't yn Nederlân de fersprieding fan stikstof berekkene wurdt, is fan foldwaande oant goede kwaliteit en te fergelykjen mei de lannen om ús hinne. Dat seit de kommisje dy't yn opdracht fan minister Schouten fan lânbou de stikstofberekkeningen ûndersocht hat. De kommisje komt lykwols ek mei krityk.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Sa soe der mear barre moatte om de kâns op ûnwissichheden lytser te meitsjen. Der soe bygelyks op mear plakken metten wurde moatte.

De kommisje waard ynsteld omdat der al skoften krityk is op de manier fan rekkenjen fan it RIVM, foaral fan út de hoeke fan de lânbou. Der sit op fersyk fan de Twadde Keamer ek ien yn de kommisje dy't kritysk is op it stikstofbelied yn Nederlân.

It Mesdag-Zuivelfonds stelde ôfrûne moanne dat de stikstofbydrage fan de lânbou folle lytser is as oant no ta oannaam waard. Neffens it advyskolleezje is dat net sa, al binne der wol fermoedens dat it oandiel stikstof dat út it bûtenlân komt ûnderskat wurdt.

De kommisje advisearret ek om mear ûndersyk te dwaan nei in oar gefoelich punt, de ferskillen tusken de modelberekkeningen en de mjittingen op de grûn. De oarsaak fan dy ferskillen is net helder, neffens de kommisje.

Mear ôfhinklik

Opfallend is ek dat de kommisje fynt dat de ministearjes yn Den Haag te nau belutsen binne by it wurk fan it RIVM. Yn it advys stiet dat de ministearjes "een meer afstandelijke opdrachtgeversrol" en it RIVM in mear "onafhankelijke kennis- en adviseringsrol" krije moatte soene.

(advertinsje)
(advertinsje)