Isolearje mei sigareplant tuorrebout tenei mooglik

05 mrt 2020 - 16:31

De ynnovaasjekampus foar de bou yn Dokkum wurdt isolearre mei tuorrebouten. Dit isolaasjemateriaal is fernijber en soarget foar minder CO2-útstjit. Mei dizze útfining wol Bouwgroep Dijkstra Draisma in bydrage leverje op it mêd fan in sirkulêre en duorsume ekonomy. Nei it isolearjen fan de kampus yn Dokkum sille ek wenningen folgje dy't mei tuorrebout isolearre wurde.

Tuorrebout - Foto: Bouwgroep Dijkstra Draisma

De stiel fan tuorrebout bestiet út in soad lytse keammerkes mei stilsteande lucht, dat foar in natuerlike isolearjende wurking soarget. Tuorrebout groeit ek yn it noarden fan Fryslân.

'Better Wetter' projekt

Yn Bowinn, de nije kampus foar ynnovaasje yn de bou yn Dokkum, past it bedriuw it sirkulêre isolaasjemateriaal as earste ta. Dit dogge se tegearre mei ferskate bedriuwen yn it ramt it projekt 'Better Wetter'. Partners fan dit projekt binne gemeente Dantumadiel, gemeente Noardeast Fryslân, Wetterskip Fryslân, Van Hall Larenstein, Nordwin College, Noardlike Fryske Wâlden, Staatsbosbeheer, ONOF, Friese Milieu Federatie, It Fryske Gea, Kenniswerkplaats Noordoost Fryslân, provincie Fryslân, Altenburg & Wymenga en Studio Tjeerd Veenhoven.

De bougroep is der fan oertsjûge dat sirkulêr bouwe de takomst hat. "Als we onze klimaatdoelen willen behalen zullen we op een heel andere manier naar bouwen moeten kijken. We moeten bouwen met een circulaire visie", leit Coen Verboom fan it ynnovaasjeteam by Bouwgroep Dijkstra Draisma út. "Weten waar het materiaal vandaan komt en het materiaal efficiënt blijven gebruiken zijn hierbij belangrijk. Tuorrebout is een materiaal dat ons daar enorm bij kan helpen."

(advertinsje)
(advertinsje)