Noch hieltyd gjin grien ljocht foar fernijd Speelpark Sybrandy's

It earste beton foar it it nije Sybrandy's Speelpark by strânpaviljoen De Hege Gerzen is tongersdeitemoarn stoart. En dat wylst noch hielendal net wis is oft it park der definityf hinne kin. Undernimmer Sjerp Jaarsma is al moannen dwaande mei de ferhuzing fan it park, mar krige yn desimber in ôffaller te hearren fan Wetterskip Fryslân.
Sybrandy's iepening noch ûnwis
It beton fan de jeepsafari leit der krekt yn. Graach hie Jaarsma begjin april it nije Sybrandy's al iepene. Mar yn desimber krige Jaarsma fan it Wetterskip te hearren dat in part fan syn park op de wetterkearing komme soe. En it is mar de fraach oft dat mei. "De kearing moat ús beskermje tsjin oerstreamingen út De Iselmar. Dat is foar it lêst bard yn 1825, doe't it noch de Sudersee wie. Mar ik hie der nea by stilstien dat wy no wat op de wetterkearing sette woene."
It giet benammen om it saneamde blotevoetenpad en de loftfyts. Dy lêste rint in pear meter boppe it blotevoetenpad troch de beammen. Beide lizze fiif meter efter de kearing, mar noch wol yn it gebiet dat dêrby heart. "Dy loftfyts soarget foar in ferbining tusken ferskate ûnderdielen fan it park. Dy wol ik dêr wol hâlde, mar it moat wol kinne. Ik wol net dat Gaasterlân ûnder wetter komt te stean, om't ik hjir in loftfyts hawwe wol."

Skoallereiskes binnenhelje

Jaarsma moat no ûndersyk dwaan litte nei de wetterkearing, en de effekten fan de tastellen fan it Speelpark. "We moatte sjen litte dat it gjin gefaar opsmyt. De dyk is in goede steat, en dat moat sa bliuwe." De útkomsten fan it ûndersyk kin in pear wike op him wachtsje litte.
No't april net mear slagget, hopet Jaarsma ein maaie de doar nei it nije Sybrandy's te iepenjen, "Ik krij hast alle dagen wol in telefoantsje fan in skoalle dy't op skoallereis komme wol nei ús nije park. It beton moat in moanne úthurdzje, en dêrnei mei der neat mear mis gean, mar as alles goed giet, kinne wy it oprêde foar dy tiid."
It beton wurdt dellein oan de Iselmarkust