Konseptkaart foar 'wylder' Drents-Friese Wold is klear

05 mrt 2020 - 15:58

De konseptkaart foar de plannen foar it Drents-Friese Wold om aventoerliker en natuerliker te wurden, is klear. Op de konseptkaart fan it gebiet steane plannen mei rûten, in stille kearn en op natuer rjochte rekreaasje yn it Nasjonaal Park.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ien fan de doelen fan it behear- en ynrjochtingsplan fan Nasjonaal Park Drents-Friese Wold is romte jaan oan mear wylde natuer yn it gebiet. Plakken dêr't de natuer wer wat har eigen gong gean kin. Dat hâldt yn dat parten fan it gebiet (hast) net mear beheard wurdt. Der steane ek gjin buorden mear, dêrtroch wurdt it betrêdzjen fan dit gebiet aventoerliker.

Yn it nije plan wurde der ek rûten ferpleatst en komme der nije rûten by. It tal kilometers oan paden bliuwt itselde of in bytsje mear. Yn de ôfrûne twa jier hat de wurkgroep him dwaande holden mei de plannen. Bewenners binne ynljochte op in ynringearkomste en dit jier sille der mear ynformaasjegearkomsten folgje.

Oude Willem

Sa as it no liket sil de útfiering fan it plan sa'n fiif jier duorje. Utgongspunt is dat der gjin rûten ferpleatst wurde foar't de nije paden realisearre binne, mei útsûndering fan it fytspaad troch Oude Willem. Dit paad komt út it Life-projekt dat rjochte is op de werynrjochting fan Oude Willem. De oanlis fan dit paad kin troch gean.

Op 15 en 16 april wurde der op twa plakken yn it gebiet ynformaasjegearkomsten holden. De kaart mei takomstige rûten wurdt yn juny fan dit jier oanbean foar fêststelling troch de stjoergroep.

(advertinsje)
(advertinsje)