Nestcam: folgje de striid tusken de see-earn, hauk en mûzebiter om in nêst
It moaie waar seit it al, de maitiid komt deroan. En dat betsjut fansels ek dat de fûgels wer begjinne te nesteljen. It Fryske Gea en Fûgelbeskerming Nederlân meitsje it, krekt as ferline jier, mooglik om mei webcams de striid tusken de see-earn en de hauk om in goed nêst te krijen yn de Alde Feanen te folgjen. Dit jier wurdt it ekstra spannend, want der is dit kear ek in mûzebiterpearke dat meidocht yn de striid om in nêst.
De webcams soenen al even earder online wêze, mar troch it minne waar waard it útsteld. De kamera's rinne nammentlik op sinne-enerzjy en wiene dus noch net foldwaande opladen om oan te kinnen.
Andries Dijkstra, frijwilliger by It Fryske Gea, foarsjocht de bylden mei trije oare kollega's fan ekstra ynformaasje. "Wy skriuwe teksten foar by de bylden en der wurde ek gearfettings makke fan wat der bart op de webcam. Wy sille dat dan foarsjen fan kommentaar, sadat de minsken ek witte wat der bart", sa seit Dijkstra.
De webcams binne te folgjen op de webside fan It Fryske Gea en de Fûgelbeskerming Nederlân.