Nije duorsume wenten Marrum yn gebrûk nommen

Bewenners fan de nijbou yn Marrum krigen woansdei de kaai fan harren wenning. Yn de simmer fan 2019 binne tolve ferâldere wenningen oan it Oudhuisterwegje sloopt en is der úteinset mei de bou fan acht enerzjysunige wenningen.
Nijbou Oudhuisterwegje yn Marrum © Omrop Fryslân
It hat efkes duorre, mar de bewenners koene woansdei lang om let de kaai ophelje. In soad minsken begûnen gelyk mei de ynrjochting fan harren nije hûs, of mei it lizzen fan de nije flier.
Famylje Regnerus is ien fan de famyljes dy't der komme te wenjen. "Het is prachtig geworden. We hebben er zin in om te gaan inrichten en hier te gaan wonen", fertelle se entûsjast.
Alle wenten binne enerzjysunich en duorsum. Se hawwe flierferwaarming en sinnepanielen. Foar it ferwaarmjen fan it hûs wurdt gebrûk makke fan in luchtwaarmtepomp.