Man (22) út Waadhoeke ferwûne by deadlik ûngelok yn Oerisel

05 mrt 2020 - 14:42

By in slim ûngelok op de N36 by it Oeriselse Beerze is woansdeitemiddei in 22-jierrige man út de gemeente Waadhoeke ferwûne rekke. In 36-jierrige man út Hardenberg ferstoar by it ûngelok.

Foto: Persbureau Meter

It ûngelok barde likernôch om ien oere. Der wiene in bestelbus, in persoane-auto en in frachtwein by belutsen. It buske en de auto kamen yn in feart te lâne. De frachtwein belâne op syn kant yn 'e berm.

De ynwenner fan Waadhoeke waard krekt as de Hardenberger nei it sikehûs brocht. De man út Hardenberg stoar dêr oan syn ferwûnings. De ravaazje nei it ûngelok wie grut; de wei wie oant nei de jûnsspits yn beide rjochtingen ôfsletten. Oer de tadracht fan it ûngelok is noch neat bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)