Singelland Drachten freget mei iepen brief omtinken foar bern dy't útset driigje te wurden

Skoallemienskip Singelland yn Drachten siket de publisiteit mei in iepen brief fan in Egyptyske learlinge dy't útset driget te wurden. De 16-jierrige Mohraeel Zaky fan Burgum docht in needgjalp: hâld rekken mei bern út útprosedearre famyljes. De driging om útset te wurden, hat nammentlik grutte ympakt op harren. "Het is niet alleen voor mij. Het is voor heel veel kinderen die leven in angst."
Omtinken foar bern dy't utset driigje te wurden
Mohraeel sit yn de eksamenklasse fan it vmbo en driget it lân útset te wurden. Har skoalprestaasjes lije dêrûnder, want se freget har ôf wat it allegear foar doel hat. "Ik leer en ik zie morgen wel wat er gebeurt. Als ik word opgehaald, word ik opgehaald. En anders ga ik de examens doen." Har motivaasje rekket se dêrtroch wat kwyt. "Je weet niet wat er morgen voor de deur staat."
Yn desimber waard der noch in famylje fuorthelle út it azc fan Burgum. Ien fan de bern út de famylje is in freondinne fan Mohraeel. De famylje waard ôffierd yn in buske, om dêrnei op in fleantúch set te wurden. It barde foar de eagen fan ûnder oaren Mohraeel en hat djippe yndruk makke.
Mohraeel Zaky mei har dosint © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Foar alle bern

"Ik heb de brief geschreven voor alle kinderen in Nederland, omdat veel in dezelfde procedure zitten. Ze zijn heel jong meegekomen met hun ouders naar Nederland, ze hadden geen keuze. En ineens moeten ze weg", fertelt Mohraeel. Se is al fiif jier yn Nederlân, mar yntusken is har famylje útprosedearre en is it wachtsjen oant se útset wurde. Mohraeel praat Arabysk, mar se kin it net lêze en skriuwe.
© Google Street View
"Ik heb nu vrienden gemaakt, een leven opgebouwd, bijna een diploma. Ik wil later heel graag hartchirurg worden, dat wil ik al sinds m'n derde. Dat is mijn grootste doel." It is lestich foar Mohraeel om oan dy dream fêst te hâlden as se net wit oft se hjir bliuwe mei.
Mohraeel hopet dat der mei har brief mear omtinken komt foar de grutte druk dêr't bern ûnder stean en hoe heftich it is wat se meimeitsje. Se wurdt dêryn stipe troch har skoalle. Direkteur Annemarie Kingma seit de eangsten goed te begripen: "Ik wenje sels yn Burgum en hear dit soarte ferhalen faak. It is goed dat no ien har hjiroer útsprekt en seit dat se dit soart fan eangsten hat. Want it docht in soad mei de bern."
Mohraeel fertelt oer har situaasje en wat se mei de iepen brief berikke wol