Twa auto's botse en komme dêrnei tsjin beam yn Drachten

05 mrt 2020 - 14:15

Twa auto's binne tongersdeitemiddei krekt nei tolven mei-inoar yn botsing kaam op de Postleane yn Drachten. It ûngelok barde nei alle gedachten troch in foarrangsflater. De auto's kamen nei de botsing beide tsjin in beam telâne.

Ien fan de auto's tsjin in beam - Foto: De Vries Media

Der kaam in ambulânse te plak om de bestjoerders te kontrolearjen op letsel. Ien persoan is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De dyk wie nei it ynsidint ôfsletten foar it oare ferkear. In berger hat yntusken beide auto's ophelle en fuortbrocht.

(advertinsje)
(advertinsje)