Nij boek oer it deistich libben yn oarlochsjierren Bûtenpost

05 mrt 2020 - 12:17

Wat fernaam Bûtenpost, doe noch in lyts doarp fan 1.935 ynwenners, fan de Twadde Wrâldoarloch? Dat stiet yn in nij boek fan Jasper Keizer oer it deistich libben yn en rûnom Bûtenpost yn de oarlochsjierren, dat tongersdei presintearre is.

Keizer hâldt him al hast syn hiele libben dwaande mei de Twadde Wrâldoarloch. Hy hat dêroer al ferskate boeken skreaun. Yn dit boek folget hy de ynwenners fan Bûtenpost yn harren deistich libben, yn blydskip, fertriet, earnst en rou. It boek komt út ta gelegenheid fan 75 jier befrijing.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar seach by ien fan de lokaasjes yn it boek

Der binne al in soad boeken skreaun oer de oarlochsjierren yn Fryslân, mar der komt dochs noch hieltyd mear ynformaasje. Yn 2017 kaam bygelyks de komplete ynventarisaasje fan de L.O. yn Bûtenpost-Achtkarspelen boppe wetter út de neilittenskip fan Jan Ploeg. Dêrmei koe it folsleine ferset yn Bûtenpost beskreaun wurden. It sketst in byld fan de dingen wêrmei't de ynwenners konfrontearre waarden yn de oarlochsjierren.

It boek leit fan it foarjier ôf yn de winkels.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar seach ek by it âlde gemeentehûs

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
(advertinsje)
(advertinsje)