Warkumer Nijlân wurdt taret op de takomst mei ferbetterjen wetterkwaliteit

05 mrt 2020 - 11:25

De polder it Warkumer Nijlân wurdt taret op de takomst. It gebiet moat tenei de wetteroerlêst by ekstreme delslach opfange en de wetterkwaliteit moat better. It Wetterskip Fryslân sil tongersdeitejûn belanghawwenden byprate oer de plannen.

Wetterskip Fryslân - Foto: Wetterskip Fryslân

Wetterskip Fryslân sil de wetteroerlêst opfange en de wetterkwaliteit ferbetterje troch it projekt 'klimaatrobuuste polders', dat út fjouwer dielprojekten bestiet. Om it wetter te bufferjen by de ekstreme delslach wol it Wetterskip graach de wettergongen ferbreedzje, dêrtroch komt der automatysk mear buffer yn it systeem. Sa ûntstiet der mear romte foar planten en dieren ûnder wetter en wurdt de wetterkwaliteit ek ferbettere.

Mar der ferdwynt ek in gemaal. "We hebben gekeken of er nog andere werkzaamheden zijn in dit gebied die we kunnen meenemen, en we zagen een gemaal dat aan groot onderhoud toe is", leit Ronald van der Ploeg fan Wetterskip Fryslân út.

Ekstra kapasiteit

"Maar groot onderhoud aan een gemaal is een kostbare ingreep, dus we hebben ook gekeken of we dit op een andere manier zouden kunnen oplossen. Toen keken we naar beide watersystemen en hebben we gedacht: als we het ene watersysteem met het andere verbinden, dan kunnen we één gemaal opheffen. Het gemaal in het Workumer Nieuwland kan die extra capaciteit wel aan", sa seit Van der Ploeg.

Ronald van der Ploeg, projektlieder fan it Wetterskip Fryslân, oer de plannen

(advertinsje)
(advertinsje)