Foarsitter Fryske húsdoktersferiening Bart Maats nimt ôfskied

05 mrt 2020 - 11:13

Nei acht jier leit Bart Maats syn funksje as foarsitter fan de Friese Huisartsen Vereniging del. Tiisdeitejun hie er syn lêste gearkomste. Maats hat it fak bot feroarjen sjoen, sûnt de tiid wêryn't hy oan de slach gie as húsdokter. "De hele organisatie van de praktijk is veranderd."

Bart Maats - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De Friese Huisartsen Vereniging waard yn 1991 oprjochte. Neffens Maats is der sûnt dy tiid in soad feroare. "Waar je vroeger de praktijk had van een huisarts en zijn vrouw, zie je steeds meer dat huisartsen zich groter organiseren."

Húsdokters hawwe der neffens him in hiel soad wurk by krigen, ûnder mear út it sikehûs en de GGZ wei. "Om al dat werk aan te kunnen, was het wel noodzakelijk dat wij ons als Friese huisartsen zodanig organiseerden dat we het werk ook aan zouden kunnen. Daar zijn we als vereniging hard mee aan de slag gegaan en daar zijn we ook ver mee gekomen."

Grutte útdagings

Maats hâldt dermei op op in momint dat de húsdokters foar grutte útdagings steane. Net allinnich mei it akute probleem fan it coronafirus, mar ek mei de krapte rûnom it oantal húsdokters yn Fryslân. "Het lukt ons in Friesland nog steeds goed om ook opvolging te vinden in de landelijke gebieden. Maar nog niet overal is een huisarts. We hebben er altijd hard voor moeten werken om mensen hierheen te krijgen."

De praktyk fan Maats op De Gordyk - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Dochs hat Maats fertrouwen yn de takomst. De ôfrûne jieren is der neffens him nammentlik in grutte profesjonalisearringsslach makke. Maats wurket sels op De Gordyk, yn in praktyk mei seis húsdokters by elkoar. "Elke locatie zal zijn eigen oplossing moeten vinden, maar wat voor Gorredijk heel fijn is, is dat wij goed en nauw samenwerken en we veel verpleegkundigen in dienst hebben kunnen nemen." De praktyk hat ek in eigen praktykmanager. Dêrtroch hawwe de dokters mear tiid om harren pasjinten te sjen. "Dit was voor Gorredijk wel de ideale oplossing."

Rampeplan

Maats hat acht jier foarsitter west fan de Fryske húsdoktersferiening. Opfallend is neffens him dat syn earste taak as foarsitter no wer hiel relevant is. Yn 2012 ûndertekene Maats in rampe-opfangplan foar húsdokters. "Dat ging over de huisartsgeneeskundige opvang bij rampen, zoals een grieppandemie. Acht jaar later blijkt dat alles wat je toen hebt opgezet heel erg nodig is."

Bart Maats fan de Friese Huisartsen Vereniging oer syn ôfskied

(advertinsje)
(advertinsje)