Lânmacht oefenet mei alvestêdebrêge oer Harnzerfeart

05 mrt 2020 - 11:06

De Keninklike Lânmacht oefenet kommende sneon mei it bouwen fan in brêge oer de Harnzerfeart yn Ljouwert. It giet om in brêge dy't yn it gefal fan in Alvestêdetocht dêr oer it wetter komt te lizzen. De brêge komt yn de buert fan it WTC Expo.

De Elfstedenhal yn Ljouwert - Foto: Simone Scheffer

De Alvestêdeferiening en de gemeente Ljouwert hawwe Definsje frege om sa'n brêge te bouwen, want dy soarget derfoar dat de riders in koartere rûte hawwe fan de Elfstedenhal nei de Zwette. Dêrneist bliuwt de Hermesbrêge, tusken it Stephensonfiadukt en it WTC Expo, beskikber as kalamiteiterûte yn it gefal fan in Alvestêdetocht.

By de oefening is in part fan de Zwettestrjitte ôfsletten.

(advertinsje)
(advertinsje)