Toanielstikken mei rol foar âldere akteurs moatte iensumens tsjingean

05 mrt 2020 - 10:53

Der is in grut ferlet fan Fryske toanielstikken foar âldere akteurs en aktrises. Stichting Amateurtoneel Fryslân moat skriuwers dêrom finansjeel stypje om mear stikken yn dit sjenre ferskine te litten. Aldere toanielspilers sitte no wurkleas thús, wylst toaniel poer geskikt is om âlderein en jonge minsken op it poadium mei elkoar te ferbinen en sa iensumens tsjin te gean. Mina Woudstra fan Himpens, 74 jier en noch hieltyd aktyf op it toaniel, die dizze oprop woansdei yn IepenUP Live, dat wiidweidich stilstie by it tema 'iensumens'.

Foto: IepenUP

De measte iensume Friezen wenje yn Ljouwert, sa hat út ûndersyk bliken dien. De Fryske haadstêd hat dêrom mear as 50.000 euro útlutsen om krekt mei kulturele aktiviteiten dy iensumens te bestriden. Projektlieder Tamara Schoppert fertelde yn in grôtfolle seal fan it Ljouwerter muzyksintrum Neushoorn hokker aktiviteiten yn dat ramt yntusken realisearre binne. En wêr't kultuer krekt in oanfolling biede kin, dêr't it sosjale wurk net oan takomt.

"Aan tafel zijn we allemaal gelijk"

It publyk krige woansdei boppedat in hearlik miel foarset, klearmakke en beskikber steld troch Circulair Kwartier Oosterstraat. Dizze ûndernimmers út de Ljouwerter binnenstêd rjochtsje har njonken kommersjele saken hieltyd mear op de mienskip en duorsumens. Neffens wurdfierder Baukje de Vries, eigener fan Irish Pub Paddy O'Ryan, soarge krekt dit miel foar de needsaaklike ferbining foar minsken dy't it krekt eefkes wat minder ha. "Met elkaar voor mekaar. Aan tafel zijn we allemaal gelijk."

Bûten de maatskippij setten

Yn dat ramt krigen ek kultuermakkers Onno Spreij en Dinanda Luttikhede in soad wurdearring foar harren projekten, dy't benammen rjochte binne op de âlderein. Omdat âldere minsken bûten har eigen sin sa faak bûten de maatskippij setten wurde, wylst se mei al har ûnderfining de jonge minsken om har hinne safolle te bieden hawwe.

In fideo liet it publyk dêrby treflik sjen wat de kultuermakkers mei har idee bedoelden. Ien fan de haadrollen waard spile troch âld Tryater-aktrise Hilly Harms. Yntusken tachtich jier alwer en sy spilet noch hieltyd de stjerren fan 'e himel.

Nije wike is der yn IepenUP Live omtinken foar De Friese Lente, wêrby't de klam lizze sil op de rol fan de frou yn de Fryske popmuzyk.

IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen op in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)