Muzykprojekt skoalbern Snits smyt 4.000 euro op foar goede doelen

05 mrt 2020 - 10:40

It muzykprojekt fan Palludara en it Kristlik Foartset ûnderwiis (CVO) Súdwest-Fryslân hat 4.000 euro opsmiten foar goede doelen. Tiisdei- en woansdeitejûn hawwe jongerein fan de skoallen in optreden jûn yn it Theater Sneek. Mear as 300 jongerein fan 9 oant en mei 18 jier lieten harren talinten sjen.

Foto: Emma van der Werf

De learlingen dy't op it poadium stiene, binne fan basisskoallen fan stichting Palludara en fan Bogerman praktykûnderwiis De Diken. Syb van der Ploeg stie de learlingen muzikaal by en stedsdichter Henk van der Veer ynterviewde Van der Ploeg oer it tema sport en muzyk.

De opbringst fan de foarstelling giet nei Stichting Muziekotheek dy't oanpaste muzykynstruminten leveret en nei Stichting Aangepast Zeilen Sneek. Dat is in stichting foar jongere en folwoeksen silers mei in beheining. De stichtingen binne wiis mei de bydragen út de entreejilden fan de twa útferkochte foarstellingen.

(advertinsje)
(advertinsje)