Restaurant De Brekken op De Lemmer wer iepen nei brân

05 mrt 2020 - 10:15

Restaurant De Brekken op De Lemmer sil dit wykein wer iepen nei't der foarich jier brân west hat. Nei ûndersyk die bliken dat in waskdrûger de oarsaak wie fan de brân. De brân wie net hiel grut, mar it restaurant hie enoarme reekskea en sleat dêrom syn doarren.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

De eigener fan De Brekken besleat nei de brân om wat feroaringen troch te fieren. Sa sit der by it restaurant no ek in pub, in gastrosnackbar, in gameroom foar bern en in aparte seal foar feesten en partijen.

Sneon is de offisjele iepening fan De Brekken. Fan 10 maart ôf is it restaurant wer yn bedriuw.

(advertinsje)
(advertinsje)