Drachtster fertocht fan poging ta deaslach twa wiken langer fêst

De 52-jierrige man dy't ôfrûne snein yn Drachten ferwûne rekke by in sjitynsidint mei de plysje, bliuwt 14 dagen langer fêstsitten. Hy wurdt fertocht fan it mishanneljen fan syn frou, it delstekken fan in haadagint en it bedriigjen fan in ynspekteur mei in mes.
© De Vries Media
De plysje wie nei it hûs fan de man kaam, nei't se fan syn frou in melding krigen oer húslik geweld. Nei in koart petear waard ien fan de twa plysjemannen mei in mes oanfallen troch de man. Dêrnei skeat de oare plysjeman de Drachtster del. Dy rekke dêrby swier ferwûne.
De fertochte is moandei út it sikehûs ûntslein. Direkt dêrnei is er oppakt. Woansdei waard er foarlaat op fertinking fan poging ta deaslach. Ek wurdt er fertocht fan húslik geweld en bedriging.