Steatefraksjes FNP, Grienlinks en PvdD organisearje ekspertgearkomste oer 5G

05 mrt 2020 - 09:55

Op oanstean fan de steatefraksjes fan de FNP, Grienlinks en de Partij voor de Dieren wurdt nije wike woansdei yn it Provinsjehûs in iepenbier tagonklike ekspertgearkomste organisearre oer de risiko's fan 5G. Neffens de trije partijen binne yn de Fryske mienskip soargen oer de effekten op de sûnens troch it tanimmen fan elektromagnetyske strieling.

Foto: Radio Spannenburg

5G is de nije generaasje fan mobile netwurken. It is de bedoeling dat dit netwurk yn de kommende jierren oer hiel Nederlân útrôle wurdt.

Op dit stuit is der gjin wittenskiplike konsensus dat bleatstelling oan strieling ûnder de besteande noarmen skealik is. De ferwachting is wol dat der troch de ynfiering fan 5G mear antennes komme sille en ek dat it tanimmende gebrûk fan telekommunikaasje ta mear strieling liede sil. Eksperts sille op 11 maart ferskillende aspekten fan 5G en elektromagnetyske strieling taljochtsje.

Trije eksperts

Op de ekspertgearkomste komt ûnder mear Lisette Kruit fan it Nasjonaal Antenneburo, sy sil yngean op de regeljouwing en it mjitten fan elektromagnetyske fjilden. Dr. ir. Jan-Rutger Schrader sil yngean op de technyk fan 5G en op stúdzjes nei de sûnensrisiko's fan elektromagnetyske netwurken. Ta beslút sil Buisman, direkteur fan Wetsus, kritysk yngean op oanfoljende tûkelteammen by it gebrûk fan 5G, lykas it hege enerzjyferbrûk.

De gearkomste is iepenbier en kin ek folge wurde fia in livestream fan de provinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)