Hessel en Tess wolle fans mei show yn Ahoy in 'wow'-gefoel jaan

05 mrt 2020 - 09:53

Oer oardel wike ferhuzet Skylge foar ien jûn nei Rotterdam. Sneon 14 maart stean de sjongende kroechbaas Hessel en syn dochter Tess yn Ahoy. Tritich jier neidat Hessel foar it earst de Rotterdamske muzyktimpel fol spile.

Trije jier lyn kamen der sa'n 10.000 Skylge-fans nei de Ziggo Dome yn Amsterdam. Dy seagen it Skylger sân út it dak kommen en songen folop mei mei it koar fan de Skylger seefeartskoalle. Ek no yn Ahoy hawwe Hessel en Tess fan alles yn petto. Sa is it tema 'Onder Water'. Dat hat te krijen mei de skiednis op Skylge. Under wetter lizze der nei alle gedachten noch sa'n 5.700 skipswrakken. De iepening fan de show sil dan ek begjinne mei in spektakel ûnder wetter.

'Wow'-gefoel

Sa goed as de hiele show komt út de hege hoed fan Hessel en Tess sels. Fansels de muzyk, mar ek de fisuele eleminten. Tess hat bot ynsetten op de iepening. It moat stean as in hûs en se hopet dat it de besikers in 'wow'-gefoel jout.

Oft de show oanslaan sil, is net it iennige dat spannend is. De grutte seal fol krije is ek in útdaging. Dêrby binne heit en dochter foar in part ôfhinklik fan oandacht fan de media en dat falt noch wat ôf, want sa bekend is it duo lanlik no ek wer net.

Queen

Mar it liket derop dat it harren dochs wer slagge is om yn byld te kommen by it publyk, want der sille wer hiel wat bussen mei Skylge-fans nei Rotterdam ride. Oer de ynhâld fan de show wolle Hessel en Tess fierder noch net safolle kwyt. In lytse ferrassing dy't al wol jûn wurde kin, is dat it koar fan de seefeartskoalle tegearre mei Tess it nûmer 'We Will Rock You' fan Queen yn in Skylger jaske stekke sil.

Foto: Glenn Wassenbergh
(advertinsje)
(advertinsje)