Kollum: "Bondelje"

05 mrt 2020 - 09:44

"As putsje produsearje ik in podcast foar Alexander Klöpping en Ernst-Jan Pfauth; 'Een Podcast Over Media'. Alexander wie de gadget-jonge fan De Wereld Draait Door en no de grutte man efter Blendle. Ernst-Jan is ien fan de oprjochters fan De Correspondent, en ek fan The Correspondent, de ynternasjonale tûke.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Se prate yn dy podcast oer de wrâld fan 'e media en nije techniken. Dus de iene kear giet it oer harren notysje-apps en mear fan sokke produktiviteitsdinkjes, en de oare kear oer de online strategy fan The New York Times, de lêste ûntwikkelingen oangeande de grutte pakketsjesferstjoerder Amazon, of in idee om fanút de oerheid programmeurs frij te meitsjen om in nasjonale hûshâldboekjesapp te ûntwikkeljen. Fan alles dus.

Se meie graach útzoome, en de wrâld fan it bedriuwslibben, media en polityk fan in ôfstân besjen. Ut in boek dat se beiden lêzen hawwe, kaam in kear in teory foarby, dy't in bytsje algemien is, mar wol wier liket. Nammentlik dat der twa manieren binne om mei media jild te fertsjinjen as je it distribuearje. De earste manier is bondelje, sa't Blendle bygelyks docht. Mar ek sa't kabelbedriuwen dogge, troch pakketten fan stjoerders oan te bieden. Of sa't Netflix it docht mei in pakket oan films en searjes fan oare produsinten.

De twadde manier om jild te fertsjinjen, is gek genôch ûntbondelje. Sa ast no sjochst yn de streaming wrâld: Disney-films kinst no allinnich noch mar sjen fia harren eigen streaming kanaal. Der binne popartysten dy't harrensels eksklusyf ferbûn ha oan muzyktsjinsten, lykas Apple Music. En ast artikels fan NRC lêze wolst, dan silst dochs echt ien of oar abonnemint by NRC nimme moatte, want harren stikken steane nearne oars. En ik moast der oan tinke doe't ik dizze wike lies oer in gearkomst fan GrienLinks, de PvdA en de SP.

Hast alwer in jier lyn publisearre I&O research in artikel oer wat der bart at de PvdA en GrienLinks de krêften bondelje. De measte kiezers fan dizze partijen sjogge dat wol sitten; de SP hâlde se der al leaver bûten. It is lukratyf, sa sei I&O, want se soene mei Twadde Keamerferkiezings (en dy hawwe we oer in jier) wol op sa'n fjirtich sitten komme kinne. Dat is twa kear sa grut as de grutste partij yn 'e peilingen op it stuit, de VVD. It soe betsjutte dat links de lieding nimme moat yn ûnderhannelingen oer in regearing, en dat soe foar it earst wêze yn dizze iuw. Yn 1998 formearre Wim Kok it lêste linkse kabinet.

In fúzjepartij soe ek in relative noviteit wêze; we ha it sûnt de foarming fan de ChristenUnie yn 2001 net mear meimakke. Sûnt dy tiid ha we allinnich mar 'ûntbondelingen' sjoen: de PVV splitste har ôf fan de VVD, Denk fan de PvdA en fansels al dy inkeldfâldige keamerleden dy't har ôfsplitsten. Fersplintering yn 'e polityk, sa hjit dat al jierren, en it waard faak sjoen as in probleem. Al wie it mar om't it net tafalt om yn sa'n ferdielde Keamer in mearderheid te krijen foar eat, lit stean in kabinet te formearjen.

Bondelje as suksesstrategy. Of dit barren giet is fansels de fraach, want Asscher en Klaver moatte it dan al even ha oer wa't de baas wurdt en wa't de auto fan 'e saak kriget. En miskien ek noch wat gedoch oer wat foar auto dat wêze moat: in twaddehânsk Corsa foar Asscher, as in nije elektryske foar Klaver. Enfin, gedoch, mar at se de eagen op de priis hâlde, dan is dat lyts bier.

Der sit in ein oan fersplintering. Ik kin it ferskil tusken PVV en FvD ek lestich útlizze sûnder it ta te spitsen op Wilders en Baudet. De popkes. Der binne twa redenen wêrom ik it nijsgjirrich fine soe as dy linkse fúzjepartij der komt: it soe it Nederlânske politike lânskip flink opfrisse, en it soe in ein meitsje oan dy einleaze rige fan rjochtse kabinetten. We soene ek fan Rutte ôf wêze, de man dy't de leararen en de soarch sa fakkundich stikken managed hat.

In nije maitiid. In nij lûd? Bondelje dy brot, soe ik sizze. We ûntbondelje it letter wol wer ris."

(advertinsje)
(advertinsje)