CBS: ôfrûne jier minder fakânsjeoernachtingen yn Fryslân as it jier dêrfoar

Der hawwe in 2019 minder toeristen oernachte yn Fryslân as yn 2018. Dat docht bliken út sifers dy't it Centraal Bureau voor de Statistiek tongersdei nei bûten brocht hat. It giet neffens it buro om in delgong fan mear as twa persint.
Minder fakansjeoernachtingen yn Fryslân as yn 2018
It binne benammen Nederlanners dy't hjir minder op fakânsje west hawwe. Wol konstatearret it CBS dat minsken dy't hjir hinne komme, hjir ek langer bliuwe.
Ek yn Grinslân, Flevolân en Oerisel gie it tal oernachtings yn 2019 nei ûnderen, wylst dat yn Noard-Hollân en Noard-Brabân flink groeide.
Moarnsbrochje op bêd © Shutterstock.com