Terapy yn astmasintrum Davos wurdt wer fergoede: "Dit is echt nedich"

05 mrt 2020 - 06:28

De terapy foar swiere astmapasjinten yn it Nederlânsk astmasintrum yn Davos, Switserlân wurdt dochs wer fergoede troch soarchfersekerders. Oan de ein fan 2019 waard bekend dat de reis net mear meinaam waard yn de soarchpakketten. In grutte domper foar pasjinten as Sanne Menger út Balk, dy't de terapy hurd nedich hat om te funksjonearjen. Op dit stuit sit se seis wiken yn Davos.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

"De minister fan medyske soarch, Bruno Bruins, hat by ús west yn de earste wike dat ik hjir siet. Hy hat mei eigen eagen sjoen wat it sintrum betsjut foar de pasjinten. Dêrnei hat er yn petear west mei alle soarchfersekerders en in grut diel hat no in kontrakt ôfsletten mei it astmasintrum", fertelt Sanne.

Dat is goed nijs, want sûnder de terapy kin se eins neat: "Ik moast in hiel soad medisinen slikke, ik koe net mear nei skoalle en ik koe net mear goed wurkje. No't ik hjir sit, sport ik alle dagen wer en dat giet no ek wer sûnder muoite."

'Astma Actieplan'

Yn totaal duorret de terapy yn Davos njoggen wiken. Sanne komt oer trije wiken wer thús en hopet der dan wer jierren tsjinoan te kinnen: "Ik hoopje dat it dan wer in hiele lange tiid goed giet. Wy ha hjir oan in 'Astma Actieplan' wurke. Dêryn steane rjochtlinen hoe't ik myn libben yndiele kin, sadat ik it wer sa lang mooglik folhâld."

Sanne Menger fertelt út Davos wei hoe't it no mei har giet

(advertinsje)
(advertinsje)