VC Snits wint útwedstriid tsjin Regio Zwolle

De froulju fan VC Snits hawwe woansdeitejûn de útwedstriid tsjin Regio Zwolle mei 3-1 wûn. De earste twa sets kamen mei in stân fan 25-21 op namme fan de Fryske follybalsters. Yn de tredde set wist de thúsploech de winst te pakken (25-22), mar de fjirde en lêste set gie wer nei VC Snits (25-23).
VC Snits (argyffoto) © www.orangepictures.nl
It duel yn Zwolle wie de tredde wedstriid yn de kampioenspûl. Yn totaal spylje se tsien wedstriden. De earste twa klups stride yn de finale om it lânskampioenskip fan Nederlân. VC Snits stiet op it stuit op it fjirde plak, achter Apollo 8, Sliedrecht Sport en Eurosped.
Kommende sneon spylje de froulju fan Snits thús tsjin Sliedrecht.