Bûtenpost yn kwartfinale beker út tsjin Hoogezand

04 mrt 2020 - 22:23

Fuotbalferiening Bûtenpost treft Hoogezand yn de kwartfinale fan de noardlike distriktsbeker. Dat is de útkomst fan de lotting woansdeitejûn. De wedstriid wurdt ein maart yn Hoogezand spile.

Bûtenpost yn de wedstriid tsjin de Ljouwerter Sweltsjes - Foto: www.orange-pictures.nl

Bûtenpost is de iennige Fryske klup dy't noch yn it toernoai sit. Tiisdeitejûn wie de haadklasser yn Ljouwert mei 4-0 te sterk foar de Ljouwerter Sweltsjes. De goals kamen fan Rolf Dijk (2), Joran Olijve en Robin Huisman de Jong. Tsjinstanner Hoogezand, in earsteklasser, wie mei 7-0 te sterk foar Pesse.

LAC Frisia en Hearrenfeanse Boys

De iennige twa oare Fryske klups yn de achtste finalen waarden útskeakele. LAC Frisia wie kânsleas by Flevo Boys (6-0) en Hearrenfeanse Boys gie thús ûnderút tsjin it twadde fan Staphorst. Nei 90 minuten wie it 1-1, mar Staphorst 2 naam de strafskoppen better.

As Bûtenpost yn de kwartfinale fan Hoogezand wint, dan spylje 'de Blauwkes' yn de heale finale thús tsjin de winner fan Staphorst 2 - GRC Grins.

Folsleine lotting kwartfinale

Hoogeveen d'Olde Veste'54
Hoogezand Bûtenpost
Staphorst 2 GRC Grins
ACV Flevo Boys

Bekertoernoai foar amateurklups

De distriktsbeker is it toernoai foar Nederlânske amateurklups. Klups út de haadklasse en leger dogge oan it toernoai mei. De twa Fryske klups yn de tredde difyzje, Harkemase Boys en ONS Snits, dus net. Sadwaande is Bûtenpost de heechst spyljende Fryske klup yn dit bekertoernoai.

Der binne seis KNVB-distrikten yn Nederlân. Alle Fryske klups sitte yn distrikt Noard.

(advertinsje)
(advertinsje)