Frisia mei net winne yn Waadgebiet as der gjin bettere nulmjitting komt

04 mrt 2020 - 22:20

Sâltbedriuw Frisia út Harns moat earst bettere nulmjittingen dwaan foardat it sâlt winne mei yn it Waadgebiet. It bedriuw wol der takom jier mei begjinne. Om der in fergunning foar te krijen moat Frisia earst de gefolgen foar it Waad yn kaart bringe.

Foto: Omrop Fryslân

Frisia sil takom jier by it Waad fan Harns op syk nei stiensâlt. It Ryk hat lykwols easke dat der in goed oersjoch komme moat fan de effekten op dat gebiet. Sa wurdt der sjoen nei de ynfloed op bisten en natuer.

It bedriuw hat nulmjittingen útfierd om de ynfloed fan it boarjen yn kaart te bringen. Dizze mjittingen binne neffens minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken lykwols net genôch. "De meetresultaten van vogelsoorten en bodemdieren zijn onvoldoende compleet om eventueel negatieve effecten van de zoutwinning te kunnen aantonen of uitsluiten", sa stiet yn in rapport fan de auditkommisje.

"Ik zal er dan ook op toezien dat Frisia niet start met de winning voordat Frisia de nulmetingen volledig op orde heeft en deze aan alle gestelde kwaliteitseisen voldoen", seit Wiebes.

(advertinsje)
(advertinsje)