Ausnutria mooglik nije haadsponsor SC Hearrenfean

04 mrt 2020 - 21:59

De hantekeningen binne noch net set, mar it liket derop dat it bedriuw Ausnutria de nije haadsponsor wurdt fan SC Hearrenfean. It soe gean om in kontrakt fan 2,5 jier mei in opsje foar langer. Nei alle gedachten wurdt de nije haadsponsor freed of sneon presintearre.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Ausnutria is in bedriuw mei fêstigingen oer de hiele wrâld. Yn Fryslân binne se te finen yn Ljouwert en op It Hearrenfean. It bedriuw makket poppefieding fan biologyske molke. Ien fan de direkteuren fan it bedriuw is Bart van der Meer, âld-foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean. Neffens geroften soe Ausnutria om de 650.000 euro it jier sponsorje.

SC Hearrenfean hat bot ferlet fan in nije sponsor. Acht moanne lyn hold sponsor GroenLeven dermei op. Sûnt dy tiid spylje de fuotballers mei KIKA op harren shirts.

Foto: Omrop Fryslân

Sportferslachjouwer Roelof de Vries oer de mooglike nije haadsponsor

(advertinsje)
(advertinsje)