Oranjefroulju spylje doelpuntleas gelyk tsjin Brazilië

De Nederlânske fuotbalfroulju ha mei 0-0 gelyk spile tsjin Brazilië. It wie de earste wedstriid yn de Tournoi de France, in oefentoernoai yn Frankryk ta eare fan fyftich jier frouljusfuotbal. Oan it toernoai dogge Brazilië, Frankryk, Nederlân en Kanada mei. De oranjefroulju brûke it toernoai ek as tarieding op de Olympyske Spelen.
Sherida Spitse yn aksje tsjin Brazilië © www.orangepictures.nl
By Nederlân wie de Snitser Sherida Spitse oanfierder, mar ek sy koe gjin doelpunt forsearje. Har team wie wol better as Brazilië, mar Oranje kaam net fierder as in oantal skotten fan Jackie Groenen, Vivienne Miedema en Shanice van der Sanden.

Net fûstkje

Opfallend wie dat de spylsters foar de wedstriid net fûstken mei de Brazilianen, mar elkoar begroeten troch de earmtakken tsjin elkoar oan te tikken. Dat diene se op fersyk fan de toernoai-organisaasje, as maatregel tsjin it coronafirus.