Moat it aaisykjen werom? "We fine de deade pykjes"

"We meitsje ús bot soargen", seit Jan Kroeze, frijwilliger by de Bond Friese VogelWachten. Omrop Fryslân gong mei twa neisoargers fan it bûn op 'en paad op syk nei it earste ljipaai. Sy fernimme no hieltyd faker dat it tal ljippen ôfnimt. Neffens de frijwilligers komt dat ûnder oare troch it ferbod op aaisykjen. Se sjogge dat de ljip no te betiid begjint mei it lizzen fan aaien. Hjirtroch ha de jonge pykjes gjin fretten mear as se om april hinne op 'e wrâld komme. "We fine no de deade pykjes mei boskjes op it lân. Dat is bot skande."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"It ôfrûne jier seagen we de earste pykjes al oan de ein fan maart," begjint Jan Kroeze syn ferhaal, wylst hy mei syn kollega Wiebe Palstra de Workumerwaard by Warkum ôfstrúnt. Se binne op syk nei it earste ljipaai fan 2020. In syktocht dy't foarearst noch net slagget. "Nee, maar als we de eerste vinden, gaat de hele gemeente weer op slot. Dus misschien ook maar beter zo", laket Palstra.

Aaien te betiid

Hy doelt dêrmei op it ferbod op sykjen dat sûnt 2015 jildt. It fûgelwachtbûn fynt dat it ferbod in grut probleem is. "It sykjen fan aaien soarge derfoar dat it lizzen fan aaien fertrage. Wy soargje foar útstel fan it brieden", fertelt Kroeze, wylst hie by in leech nêst komt. "No wurde de aaien te betiid lein. De jonge pykjes komme op 'e wrâld en ha gjin iten."
Ferline jier trof Kroeze de earste al ein maart oan. "Dan is it fierstente kâld foar dy jonge bistjes. Dan stjerre se út. We fûnen de deade pykjes mei boskjes op it lân. Dat wie sa skande."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Wiebe Palstra en Jan Kroeze lizze út wêrom't aaisykjen better is
De BFVW-frijwilligers sjogge de ljip hieltyd minder. "In 2015 kregen we dat verbod en toen hadden we nog 23.000 broedparen", seit Palstra, wylst de sinne oer it gerslân skynt. "Nu zitten we op 11.000. De kievit heeft echt een duikvlucht genomen." Dat komt neffens har ek troch ferskate faktoaren, mar ûnder mear ek troch it aaisykjen.
Ek foar 2020 lit it earste ljipaai fan Fryslân noch efkes op him wachtsjen. De stoarm fan de ôfrûne tiid hat spoaren neilitten. "Ja, dan fleane se earst fuort", seit Kroeze. "Mar de ljip komt mei dizze sinne en it moaie waar wol gau werom, dus ik ferwachtsje it earste aai al wol rap."

Stânpunt BFVW

It BFVW fynt it in gefoelich ûnderwerp, dêr't ferskillend oer tocht wurdt. "De afgelopen decennia is het aaisykjen regelmatig onderwerp geweest van discussie. De bond signaleert ook bij de achterban een verschuiving van de standpunten binnen deze discussie," sa it te lêzen yn in rapport fan it bûn.
"De juridische uitdagingen rondom dit onderwerp hebben er in geresulteerd dat er de afgelopen jaren door de provincie geen ontheffing meer is uitgegeven om te aaisykjen in Fryslân. Het hoofdbestuur zal jaarlijks besluiten of zij een ontheffing voor het aaisykjen zal aanvragen. Hierbij zal bij de invulling van de vorm van zo'n ontheffing rekening worden gehouden met de wensen van de achterban." It bûn sil foarearst lykwols noch gjin ûntheffing oanfreegje.
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort mei Jan Kroeze en Wiebe Palstra op syk nei ljipaaien