Partij voor de Dieren: Bistewolwêzen op buorkerijen moat ferbetterje

It giet yn Nederlân en dus ek yn Fryslân lang net fluch genôch mei de ferbettering fan it bistewolwêzen op de buorkerij. Dat fynt de Partij voor de Dieren (PvdD) yn Provinsjale Steaten. Om dêr feroaring yn te bringen komt de partij mei in inisjatyffoarstel ûnder de titel: Dierenwelzijn als verdienmodel.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Kearn dêrfan is dat de provinsje troch oanpassing fan it romtlik belied mear ynfloed útoefenje moat op de bou fan stâlen yn Fryslân en mear oandacht jaan moat oan de romte dy't bisten hjir yn krije. Op it provinsjehûs yn Ljouwert wie woansdeitemiddei in presintaasje fan saakkundigen oer it ûnderwerp. En jûns praatte in kommisje der oer.
Steatelid Rinie van der Zanden fan de PvdD seit dat it foarstel nedich is. "Als wij de statistieken zien over de levensduur van koeien, dan is die nog steeds hetzelfde als in 2006. Terwijl de LTO zelf stelde dat die minstens verdubbeld zou moeten worden. Dat is gewoon niet gebeurd."

Bisten as útgongspunt

De PvdD fynt dat de provinsje der by de lanlike oerheid op oantrúnje moat dat de kwestje fan it bistewolwêzen oppakt wurdt. Ek wol de partij maatregels fan de provinsje sels. Neffens de partij moatte de bisten it útgongspunt wurde by bygelyks útwreiding fan de stâlen. Van der Zanden: "Nu moeten we maar eens een punt zetten achter dat de dieren altijd maar aangepast moeten worden aan de stalsystemen."

Krityk oare partijen

Yn de kommisjegearkomste krige it foarstel hast gjin stipe. Neffens steatelid Wopke Veenstra hat de FNP in soad noed oer bistewolwêzen. Mar boeren dogge der al fan alles oan en der is de lêste jierren in soad foarútgong boekt op dat mêd. Boppedat hawwe de boeren it dreech genôch mei de stikstof- en fosfaatproblematyk. Noch mear feroarderings derby sjocht de FNP no net sitten. "Ik kin my foarstelle dat se der in bytsje flau fan binne", seit Veenstra.
Marten Dijkstra fan de VVD fynt it in non-diskusje. Bistewolwêzen is lanlik belied, en de measte kij stean tsjintwurdich yn paleizen fan stallen, sa seit Dijkstra.
Hetty Janssen fan de Partij van de Arbeid fynt dat de wize wêrop't de Partij voor de Dieren it bistewolwêzen provinsjaal oanpakke wol, net helber is. Mar se wol wol meitinke oer in wize wêrop't de provinsje mear dwaan kin op dit mêd.

Yn maart op aginda

It foarstel komt yn maart op de aginda fan de Steaten as besprekpunt. In foarstel om it as hammerstik ôf te dwaan helle it woansdeitejûn net omdat D66 dêr in stokje foar stuts.
Steatelid Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren