FIDEO: IepenUP giet de striid oan tsjin iensumens

In spesjaal diner foar minsken dy't har wolris iensum fiele, dat is de opset fan de IepenUP Live-útstjoering fan woansdeitejûn. De studio wurdt omboud ta in restaurant om mei-inoar te praten oer iensumens, mar ek om mei oare minsken yn kontakt te kommen.
It programma slút oan op it projekt 'Over de drempel', wêrby't kultuermakkers en maatskiplike inisjativen harren ynsette yn it ramt fan it tema iensumens.
Neist it iten, kinne gasten yn 'e kunde komme mei de seis kultuerprojekten dy't yn Ljouwert hâlden wurde yn de striid tsjin iensumens.
IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen op in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.