Undersiker Alyt Damstra: "De rol fan it nijs is hiel nijsgjirrich"

Alyt Damstra is oan de Universiteit van Amsterdan promovearre op de fraach hoe't ekonomysk nijs brocht wurdt en foaral watfoar effekt dat hat op de publike opiny. De eardere presintatrise fan it Omrop Fryslân-programma Tsjek mei harsels no dus doktor neame.
Alyt Damstra © Jan Bensliman
Alyt Damstra hat in eftergrûn yn de politikology en in grutte ynteresse yn hoe't macht ferdield is en watfoar mieningen de minsken hawwe kinne. "De rol fan it nijs dêryn is wol hiel nijsgjirrich", seit se. Doe't der in funksje frijkaam op de Universiteit van Amsterdam op it mêd fan ekonomysk nijs, hat sy dêr op sollisitearre en koe se oan har proefskrift wurkje.

Negative ynformaasje

Damstra hat ûndersyk dien nei ekonomy. "Eins giet it hiel bot oer de rol fan negative ynformaasje. Dus ast sjochst nei de ekonomy, en dan it nijs oer dy ekonomy. Op it mêd fan sjoernalistyk wurdt der in soad mear nijs brocht as it ekonomysk min is. Dêrneist hast noch in soarte fan asymmetry fan negatyf nijs wat in folle sterkere impact hat op de publike opiny as posityf nijs."

Goed nijs

Yn de nacht fan tiisdei op woansdei binne de ekonomyske sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek bekend wurden. It CBS kopte dat de detailhannel 3,9 prosint mear omsette yn it fjirde fearnsjier fan 2019. Goed nijs, mar dat is net de noarm neffens Damstra. "Ek as de ûntwikkelingen eins hiel posityf binne, dan leit de klam op dy eleminten dy't noch net goed binne."
Alyt Damstra as postdoktoraal ûndersiker oer har ûndersyk