Douwe van Drogen stapt út ELP Smellingerlân

04 mrt 2020 - 18:10

Douwe van Drogen stapt út de ELP Smellingerlân. Yn in ferklearring lit hy witte dat hy him net langer fine kin yn de koers fan de partij. Hy giet foarearst fierder as selsstannige fraksje en wol him de kommende tiid beriede op syn takomst as riedslid.

Gemeentehûs Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân

Fraksjefoarsitter Yntze de Vries fan de ELP fynt it spitich dat Van Drogen út syn partij stapt. Hy ûnthaldt him fierder fan kommentaar.

Sakekolleezje

De gemeenteried fan Smellingerlân stimde tiisdeitejûn mei in grutte mearderheid foar de komst fan in sakekolleezje. Ek de ELP wie foar, wylst de partij earder net entûsjast wie oer it foarstel fan ferkenner Ton Baas. Oft it beslút fan Van Drogen hjir mei te krijen hat, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)