Callcenters sykje personiel foar kalamiteitenûmer coronafirus

It callcenter fan Cendris yn Ljouwert hat driuwend ferlet fan minken foar de kalamiteite-telefoanline oer it coronafirus. Der binne tsientallen minsken nedich dy't fragen fan boargers beäntwurdzje kinne.
© Shutterstock
De GGD's en de húsdokters kinne de drokte hast net oan en ferwize nei it spesiale nûmer fan it ministearje. Dy telefoantsjes komme no by de ferskate kantoaren fan Cendris yn Nederlân binnen.
Foar Ljouwert en Grins siket it útstjoerburo Unique geskikte kandidaten om de minsken foar te ljochtsjen oer corona. Se krije earst in koarte oplieding en kinne dan fuortendaliks oan de slach. Yn Nederlân binne no 38 besmettingsgefallen bekend.
Foar fragen oer it coronafirus kinne belle wurde nei: 0800-1351. It nûmer is berikber tusken 8.00 en 20.00 oere. Op de webside fan it RIVM steane ek in soad antwurden op fragen.