Tsjerken passe nachtmiel oan om coronafirus

04 mrt 2020 - 17:01

Op advys fan de lanlike protestantske tsjerke sil sneintemoarn de tsjinst yn Ljouwert oanpast wurde fanwege it coronafirus. Yn de oanrin nei Peaske binne der ferskate fieringen mei in nachtmiel (avondmaal). Hjirby giet gewoanwei in beker mei wyn rûn dêr't elk út drinkt. Dat wurdt no feroare.

Foto: ANP

Der wurde matses útdield en dy wurde yn de wyn doopt. Fierder wurdt it fûstkjen ferfongen troch in útsprutsen groet.

Ek by de protestantske gemeente yn Frjentsjer wurdt net mear fûstke. It drinken út ien beker wurdt ek kritysk besjoen. Datselde jildt foar de protestantske gemeente op It Hearrenfean. In hân jaan mei, nei in oar wiuwe ek.

Dûmny Aat Roest fan de protestantske gemeente yn Ljouwert

Trefwurden: 
tsjerke nachtmiel coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)