Berenschot docht ûndersyk nei ûnrêst by rjochtbank Noard-Nederlân

04 mrt 2020 - 16:42

Undersyksburo Berenschot sil ûndersyk dwaan nei de ûnrêst binnen de rjochtbank Noard-Nederlân. It juridysk fakblêd Mr. meldt dat. De waarnimmende direkteur Herman van der Meer liet by syn oanstelling ein foarich jier al witte dat der in ûnôfhinklik ûndersyk komme moast nei de situaasje binnen de rjochtbank.

Rjochtbank Noard-Nederlân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Fjouwer buro's woene it ûndersyk útfiere en de kar is úteinlik fallen op Berenschot. Neffens Mr. rjocht it ûndersyk him op fiif ynsidinten. Berenschot ûndersiket ek de organisaasjekultuer en 'eventuele gevoelens van sociale onveiligheid'. It ûndersyk soe sa'n trije moannen yn beslach nimme en hast 100.000 euro kostje.

Unrêst

Foarich jier naam Maria van de Schepop ôfskied as presidint fan de rjochtbank om't der ûnrêst wie ûnder it personiel. Fakbûnen sprutsen doe fan in eangstkultuer ûnder meiwurkers. De ûnrêst ûntstie ûnder mear trochdat it rjochtsbestjoer rjochter Edzard van Weringh twong op te hâlden mei syn krityske kollums op it ynterne netwurk Intro.

Dêrneist waarden trije managementassistintes ûntslein neidat se te hearren krigen dat Van de Schepop 'gjin klik' mei se hie. Ek waard de bedriuwsdokter, dy't populêr wie by in soad meiwurkers, ferfongen fanwege it hege syktefersom. Fierder stapte de foarsitter fan de yntegriteitskommisje op en sitearden media út ynterne stikken.

(advertinsje)
(advertinsje)