Twa Fryske biodiversiteitsprojekten stride foar 'Samen voor Biodiversiteitsprijs'

04 mrt 2020 - 16:27

It duorsume fûgelgebiet It Heidenskip en de Kening te ryk yn 'e Greidhoeke binne finalist foar de 'Samen voor Biodiversiteitsprijs'. Boeren en partikulieren stjoerden lanlik hast hûndert foarstellen yn foar de priis. Ut de ynstjoeringen hat in sjuery de tsien finalisten keazen. De twa winners krije elk maksimaal 25.000 euro om harren projekt foar herstel fan de biodiversiteit te realisearjen.

Fytspaad troch it Heidenskip - Foto: Omrop Fryslân

"Het is fantastisch om te zien dat er al zo veel initiatieven zijn om biodiversiteit te herstellen. We zijn aangenaam verrast met de hoeveelheid inzendingen. Het bruist van de positieve energie om samen de biodiversiteit een boost te geven", seit sjueryfoarsitter Louise Vet. "De kwaliteit was gemiddeld erg hoog. Voor ons als jury was het dan ook lastig om de tien meest veelbelovende projecten te selecteren. Dus winnaar of geen winnaar, ga zo door. Samen maken we het verschil."

Op basis fan kritearia bepaalde de sjuery de finalisten. Der waard sjoen nei gearwurking tusken boeren en boargers, de bydrage oan biodiversiteitsherstel, ynspiraasje foar oaren en de finansjele helberheid fan it projekt.

De priis wurdt tongersdei op de Partner- en Supporterdei útrikt.

De tsien finalisten:

  • It Heidenskip duurzaam vogelgebied It Heidenskip (Fryslân)
  • De kening te ryk yn 'e Greidhoeke De Greidhoeke (Fryslân)
  • Waldboeren in de Meerwijk Groesbeek (Gelderlân)
  • Een b(l)oeiend puzzelstuk in de Ooijpolder Ooijpolder (Gelderlân)
  • Bloeiende bermen binden burgers en boeren Ens (Flevolân)
  • Van Boomgaard naar Perenbos Wijk bij Duurstede (Utrecht)
  • (B)oerburgerbos Zevenbergschen Hoek (Noard-Brabân)
  • Het Kuilenburger polderplan Culemborg (Gelderlân)
  • Noordpolder natuurlijk! Noordpolder (Noard-Hollân)
  • Salland biodivers Salland (Oerisel)
(advertinsje)
(advertinsje)