Hoefolle tankauto's mei gefaarlike stoffen ride der tusken Grou en Ljouwert?

Rykswettersteat sil de kommende oardel wike telle hoefolle tankauto's mei gefaarlike stoffen der tusken Grou en Ljouwert ride. Op de A32 wurde dêrfoar kamera's pleatst dy't de telling byhâlde.
© Rykswettersteat
Neist de A32 wurde der ek kamera's pleatst op de A7 tusken Zuidbroek en Scheemda en op de A37 tusken Hoogeveen en Holsloot. Rykswettersteat makket ûnder mear eksterne feiligensrisiko-analyzes foar diken.
Yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat wurdt byholden wat de jieryntinsiteit fan it ferfier fan gefaarlike stoffen is. Dizze yntinsiteit wurdt op basis fan telling bepaald.