Studinten gean de striid mei mekoar oan yn Skills the Finals

04 mrt 2020 - 15:48

Wa wurdt de bêste kok, blommist of mitselder fan Nederlân? Sa'n 1000 finalisten dogge mei oan it Nederlânsk kampioenskip Skills the Finals, de striid is dizze woansdei úteinset yn it WTC Expo yn Ljouwert. En dat is foar it earst yn Fryslân.

Wyn priuwe, blomstikken meitsje, hier waskje en trekkers neisjen: de kommende trije dagen krije de finalisten allegear opdrachten yn har beropsgroep. Yn mear as 50 beropsgroepen gean de studinten fan it vmbo en mbo oant en mei freed mei mekoar de striid oan. Se komme út it hiele lân wei om by de wedstriid te wêzen.

Dizze studinten binne al de foarrondes trochkaam en hearre by de bêste acht fan it lân. Mar eltsenien giet fansels foar de winst. Dus dat betsjut net prate en folsleine konsintraasje. Alles om de bêste te wurden.

Foto: Omrop Fryslân

Ik merk no dat ik it echt leuk wurk fyn en dat ik hjir letter ek yn fierder wol.

Noa, studint

"Super motivearre"

Ien fan dy studinten is Noa Vrieswijk. Se docht de oplieding Juridisch Dienstverlener oan De Friese Poort. "Ik merk no dat ik it echt leuk wurk fyn en dat ik hjir letter ek yn fierder wol", seit se.

Op de earste dei fan de wedstriid moat se emails skriuwe en brieven opstelle. Se is, sa't se sels seit, super motivearre, mar fielt de spanning wol. Al is se ek hiel grutsk op harsels om't se al by de bêste acht fan it lân heart. "As ik it even net mear wit dan gean ik even rêstich sitten en dan wer fierder". Noa hat snobbersguod fan har dosint krigen en in banaan en in fleske wetter moatte har wat enerzjy jaan.

Foto: Omrop Fryslân

Stimulâns om alles út dysels te heljen

Jeroen van der Werff docht de oplieding Ondernemer Retail en moat op de earste dei in ûndernimmers- en marketingplan skriuwe. Hy hat al in soad post-it-papierkes op it wandsje njonken syn buro plakt. Eins alles wat hy oant no ta yn de oplieding leard hat, moat er dizze kommende dagen brûke.

De kompetysje is neist dat it spannend is om de opdrachten te meitsjen, ek in stimulâns foar de studinten om alles út harsels te heljen. En dat wurdt wurdearre troch Jeroen: "Ik fyn it sa'n bysûnder konsept dat dit foar mbo-ers organisearre wurde kin, dat soe folle faker moatte."

Hy sjocht himsels ek as in foarbyld om't er no by de bêste heart en hy saken dwaan moat dy't aansens ek op syn paad komme as hy ûndernimmer is. Ek Jeroen giet foar de winst. "Ik wol nûmer 1 wurde fansels", sa seit er. En oft er ien fan de winners is fan Skills the Finals sil freed bliken dwaan.

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Ria Galema, koördinator

(advertinsje)
(advertinsje)