Spesjale ferkearssône iepene by basisskoalle De Oanrin yn Twizel

04 mrt 2020 - 15:25

De Oanrin yn Twizel is sûnt woansdeitemoarn de twadde basisskoalle yn Achtkarspelen dy't in skoalsône hat. Dat betsjut dat der spesjale buorden by de skoalle stean om autobestjoerders en fytsers der op te wizen dat se yn de buert fan in skoalle komme.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

Ien fan de buorden, makke troch in learling fan de skoalle, waard offisjeel ûntbleate troch wethâlder Max de Haan. By dy gelegenheid sei hy dat Achtkarspelen de kommende jierren by alle basisskoallen yn de gemeente in skoalsône realisearje wol.

Alle learlingen fan De Oanrin krigen ek ferkearsles. Bern út groep 3 en 4 krigen bygelyks fytslessen op it skoalplein. Bern út groep 7 en 8 waarden foarljochte oer de gefaren op de dyk, dy't sy tsjinkomme as sy nei it fuortset ûnderwiis gean.

(advertinsje)
(advertinsje)