Kearslûzen by De Jouwer en Goaiïngaryp lang om let wer iepen

04 mrt 2020 - 15:09

De problemen mei heechwetter by De Jouwer en Goaiïngaryp binne foarby. Dat betsjut dat de kearslûzen dêr wer iepen kinne. De problemen begûnen healwei febrewaris en de sluting fan de slûzen waard in pear kear ferlinge.

Heechwetter - Foto: De Vries Media

It wetterskip naam de maatregel yn ferbân mei de kombinaasje fan de hurde wyn út it súdwesten en de hege wetterstân. Yn it gebiet tusken De Jouwer en Goaiïngaryp binne de polderdiken oan de lege kant en dy kinne dus maklik oerstreame.

Wetterskip Fryslân kin troch it sluten fan de slûzen foarkomme dat der wetteroerlêst ûntstiet. De kearslûzen lizze net yn trochgeande rûtes foar de beropsfeart en dizze tiid fan it jier komme der ek net in soad plezierfarders lâns, dêrom wiene de gefolgen beheind.

(advertinsje)
(advertinsje)