Soad aktiviteiten yn Súdwest-Fryslân foar 75 jier befrijing; subsydzje is op

04 mrt 2020 - 14:21

Yn Súdwest-Fryslân hat safolle flecht op 'e koai west by it oanfreegjen foar subsydzje foar betinkingen yn it ramt fan 75 jier befrijing, dat in tal inisjativen gjin jild mear krije koe.

Foto: www.tweedewereldoorlog.nl

It giet om oanfragen út Lollum-Waaksens, Kimswert en Aldegea. Mei-elkoar wie der 90.000 euro beskikber. Tsientallen oare doarpen en stêden hawwe wol jild krigen. Dêrfoar wurdt in grut ferskaat oan lêzingen, útstallingen en konserten organisearre. Ek binne der optochten en teäterfoarstellingen.

In oersjoch fan alle aktiviteiten yn it ramt fan '75 jier frijheid' stiet fan heal maart ôf op de webside fan de gemeente.

(advertinsje)
(advertinsje)