Goed 16.000 Alvestêdeleafhawwers kinne meiprate oer teäterstik De Tocht

De organisaasje fan it teäterspektakel De Tocht stelt 16.868 'startbewizen' beskikber. Sa kinne minsken meiprate oer de tarieding op it stik oer de Alvestêdetocht. Dat is woansdei bekendmakke by in parsekonferinsje yn de Ljouwerter Elfstedenhal. Sa'n startebewiis kostet 50 euro.
Goed 16.000 Alvestêdeleafhawwers kinne meiprate oer teäterstik De Tocht
It oantal 16.868 komt fan it tal riders dat oan de start stie by de lêste Alvestêdetocht fan 1997. Omdat it al sa lang lyn is dat de Alvestêdetocht riden is, is ien fan de doelstellingen fan De Tocht dat de oantinkens oan de Alvestêdetocht bliuwe, ek foar de generaasjes dy't noch komme.
De Tocht moat it grutste teäterspektakel oait wurde yn Fryslân. Foar it stik oer de Alvestêdetocht wurdt in nij teäter boud mei in iisflier.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

16.000 minsken dy't meiprate

Dat Alvestêdeleafhawwers meiprate kinne oer it teäterstik is neffens produsint Foppe van der Veen hiel wichtich. "It moat it stik wurde fan ús allegear en dan moat net alles bepaald wurde troch in lyts groepke minsken."
Minsken mei in startbewiis kinne ynskeakele wurde as it bygelyks giet om it dekôr, de ferhaalline of de kar foar akteurs. Neist meiprate, kinne se ek kaarten krije foar it stik. Van der Veen: "Wy wolle ek dat sa folle mooglik echte leafhawwers de kâns krije om it stik te sjen."

In jier fertraging

De ferwachting wie dat it stik yn oktober 2020 yn premjêre gean soe, mar it rint no in jier fertraging op fanwege de lokaasje. It oanfreegjen en krijen fan de juste fergunningen naam folle mear tiid yn beslach as tocht.
Produsint Foppe van der Veen

It ferhaal

De tocht giet oer fiif reedrydfreonen dy't mekoar yn de rin fan de jierren troch rûzje út it each ferlieze. Mar yn de jongere jierren hiene se altyd ien belofte makke: as de tocht komt, ride wy him tegearre út.
Harkje nei in bydrage fan ferslachjouwer Wendy Kennedy oer De Tocht
Om ynspiraasje op te dwaan, ha de regisseur, skriuwer, komponist en goreograaf harren ferline jier in wike lang ûnderdompele yn de alve stêden fan Fryslân. Alvestêderiders ha ferhalen ferteld en sa wat besocht fan de Alvestêdesfear mei te jaan oan it team fan De Tocht.