Maatregels by SC Hearrenfean-Ajax: provokaasje net tastien

04 mrt 2020 - 11:04

Supporters fan Ajax dy't tusken it publyk fan SC Hearrenfean sitte, moatte har oan gedrachsregels hâlde by de wedstriid fan sneon. As de Amsterdammers skoare, dan meie de supporters wol jûchje, mar net provosearje.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

T-shirts en sjaals fan de besykjende klup binne ek ferbean yn de publyksfakken of yn de sponsorromten. By de yngong fan it stadion kin besikers frege wurde om shirts en sjaals fan de tsjinpartij ôf te dwaan.

Dizze regels gean sneon yn, as Hearrenfean thús tsjin Ajax spilet. De Fryske fuotbalklup komt mei dizze maatregels nei't it misgong by de wedstriid tsjin Feyenoord. Doe sieten in soad supporters fan dy klup tusken de Feansters. Nei provokaasjes ûntstiene der fjochtpartijen.

Sinjaal

Foarsitter Cees Roozemond fan SC Hearrenfean seit mei klam dat it moai fuotbalfeest wurde moat en docht benammen in berop op 'goed supporterschap'. "Joligheid is toegestaan, maar provocatie niet."

Neist de oprop sil ek hanthavene wurde. "Honderd procent kun je het niet tegenhouden, als iemand de Ajaxkleuren op zijn gezicht heeft, kun je moeilijk vragen om iemands gezicht schoon te maken, maar we willen hiermee een duidelijk signaal afgeven."

Supporter Jaap Friso fynt it goed dat dit op de aginda stiet. "Ik fyn it in sympatike oprop, mar ek wol krêfteloas en wat nayf." Hy beneamt benammen dat hanthave wol belangryk is.

De westriid fan sneon is foar it earst yn fiif jier folslein útferkocht.

(advertinsje)
(advertinsje)