Le Roy-tún op It Hearrenfean stiet faai nei snoeiwurk fan gemeente

04 mrt 2020 - 10:58

Stichting TIJD hat noed oer de Le Roy-tún op It Hearrenfean. Neffens eigen sizzen ha meiwurkers fan de gemeente de tún yn twa dagen tiid folslein fernield.

Erfgenamten fan Le Roy hat woansdei de skea yn de tún besjoen. "Ik ben wel geschrokken. Maar ik denk dat je wel kan zeggen dat een deel van het ecokathedraalproces is verwoest, maar niet de hele tuin. Het zou mooi zijn om binnenkort met zijn allen bomen te gaan planten", seit Iris Vogt, ien fan de erfgenamten fan de tún.

De stichting is poerlilk op de gemeente Hearrenfean, dy't fierstente folle snoeid hat. Op Facebook hat ien fan de stichting in soarte fan rou-advertinsje pleatst. 'Wij stoppen er mee. Het waren 53 mooie jaren. In 2 dagen tijd vernield. Succes met het invullen van de openbare ruimte.' "Maar het is niet zo dat het ophoudt, we gaan met elkaar kijken, de natuur gaat ook verder", reagearret Vogt op dy gjalp.

Foto: Dennis Stoelwinder

Herstellend fermogen

De gemeente biedt syn ekskús oan. Wethâlder Hans Broekhuizen jout ta: "We hadden beter moeten communiceren. Het ziet er nu even niet uit, maar over vier weken staat alles weer in bloei. De natuur heeft een herstellend vermogen." De FNP-fraksje hat yntusken fragen steld.

De tún yn it sintrum op It Hearrenfean is yn 1966 oanlein troch de yn 2012 ferstoarne keunstner Louis Le Roy. It is in organyske tún, dêr't frijwilligers fan Stichting TIJD noch alle dagen mei dwaande binne. De tún is in publykslûker foar It Hearrenfean. Neist de tún op It Hearrenfean is Le Roy ek bekend fan syn Ecokathedraal by Mildaam.

Stichting TIJD die jierrenlang it behear fan de tún. Dêrneist wiene se ferantwurdlik foar de steapele bouwurken.

Ferslachjouwer Arjen de Boer prate mei Iris Vogt en Hans Broekhuizen

Trefwurden: 
It Hearrenfean Le Roy tunen
(advertinsje)
(advertinsje)