Boatsjeminsken moatte tenei ek lisjild yn Sleat betelje

Boatsjeminsken moate tenei ek lisjild yn Sleat betelje. Gemeente De Fryske Marren sil yn 2020 ek lisjild freegje op meardere lisplakken yn Sleat. It giet om de De Kapeelstreek, it Bolwurk en by de brêge oan de Rûnwei.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn gemeente De Fryske Marren binne in soad lisplakken foar boaten oan iepenbier farwetter. Foar it gebrûk dêrfan freget de gemeente lisjild.

Tariven

Op meardere plakken yn Sleat wurdt fan 1 jannewaris 2020 ôf ek om lisjild frege. Hjirfoar binne spesjale abonnemintstariven. De tariven foar de trije plakken De Kapeelstreek, It Bolwurk en by de brêge oan de Rûnwei binne 60 euro foar in jiersticker en 43,50 euro foar in simmersticker.