Striid tsjin Portugeesk fleanfjild is juridysk goed te winnen

04 mrt 2020 - 10:41

De Portugezen dy't stride tsjin de komst fan in nij fleanfjild by Lissabon tinke dat sy de juridyske striid winne kinne. It fleanfjild by de rivier de Taag sil hiel min útpakke foar in soad soarten fûgels, wêrûnder de skries.

De skriezen hawwe it beskerme natuergebiet hurd nedich om by te tanken foardat sy rjochting ús lân komme. En dat rêstplak komt no yn gefaar. Der is in goede kâns dat sels it winnen fan de juridyske striid it fleanfjild net tsjinhâlde sil.

In útspraak fan de rjochter kin wolris te let komme. En dan bliuwt it by in boete foar it regear. Dat wol net sizze dat alle protesten neat úthelle hawwe, seit wittenskipper en tsjinstanner fan it fleanfjild José Alves. De petysje fan Vogelbescherming Nederland hat de minsken yn Portugal dúdlik makke hoe't de skries beide lannen ferbynt.

Yntern rapport boppe wetter kaam

Portugeeske media waarden suver oerfallen troch de reaksje út Nederlân en hawwe it ûnderwerp no wer folop oppakt. Dat hat der ta laat dat in yntern rapport boppe wetter kaam is fan de Portugeeske tsjinst foar natuerbeskerming en boskbou dy't it regear advisearret.

Neffens dat rapport soarget it fleanfjild foar in soad skea oan in grut ferskaat oan fûgelsoarten. En dy skea is net mear werom te draaien. De direksje fan de tsjinst, dy't ûnderdiel is fan de Portugeeske oerheid, hat lykwols dy konklúzje feroare.

Skriezen yn Portugal - Foto: Verónica Mendéz

Tsjinstanner José Alves oan it wurd

(advertinsje)
(advertinsje)