Sina freget Fryslân om help by de bestriding fan coronafirus

04 mrt 2020 - 08:59

De provinsje hat koartlyn it fersyk fan de partnerprovinsjes Sichuan en Heilongjiang yn Sina krigen om te helpen by it bestriden fan it coronafirus. De beide provinsjes woene graach mûlekapkes en desynfeksjemiddels út Fryslân wei ha.

Foto: ANP

De provinsje koe it fersyk lykwols net honorearje. Nei lang sykjen die bliken dat der gjin mûlekapkes en desynfeksjespul mear beskikber is yn de oantallen dy't de Sinezen fregen. Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat wol in betankje krigen út Sina.

Fryslân hat sûnt 2001 mei Sichuan en sûnt 2017 mei Heilongjiang in freonskipsbân. Fryske delegaasjes út it bedriuwslibben geane dêr ek geregeld op besite.

Deputearre Sietske Poepjes

Foto: Omrop Fryslân

"As in susterprovinsje dat freget dan wolst dêroan foldwaan. We ha echt oan it sykjen west, mar it wie net mear te krijen. We ha gruthannels opbelle, want se woenen it yn grutte oantallen hawwe. dat ha we se ek witte litten: we wolle wol, mar kinne net leverje", fertelt deputearre Sietske Poepjes.

It wol neffens har net sizze dat yn Fryslân gjin mûlekapkes en desynfeksjemiddels mear binne, mocht it firus hjir ek komme. "We ha it net ekstra om fuort te jaan, dus it wol net sizze dat we net taret binne. We moatte tinke om ús persoanlike hygiëne, mar we moatte it net grutter meitsje as it is, mar goed alert wêze."

(advertinsje)
(advertinsje)