Undersyk oer enerzjytransysje: Friezen binne kritysk

Ynwenners fan Fryslân binne kritysk oer de transysje nei ierdgasfrij wenjen. Dat blykt út in ûndersyk fan Fries Sociaal Planbureau mei hast 3.000 Friezen. Hast de helte dêrfan (46%) jout oan dat de plannen om Nederlân yn 2050 fan it gas ôf te krijen té ambisjeus binne.
Griene enerzjy © Shutterstock.com
De Friezen dy't de enkête ynfolle hawwe, meitsje harren soargen oer de betelberheid en it ûntbrekken fan goede alternativen. Tagelyk is in grutte groep wenningeigeners (44%) ree om te ynvestearjen om de eigen wenning ierdgasfrij te meitsjen.

Wol of net sels ynvestearje?

It binne foaral de heechoplate minsken dy't ree binne te ynvestearjen. Mar wat noch folle mear in rol spilet yn de kar foar in ynvestearring binne de wearden dy't ien hat, de idealen dy't ien wichtich fynt. Dit hat neffens it ûndersyk folle mear ynfloed as leeftiid, geslacht, oplieding of ynkommen.
Wat ek opfoel yn it ûndersyk wie dat minsken dy't oanjouwe 'it wichtich te finen om fan it libben genietsjen' minder ree binne om te ynvestearjen. Sy sjogge op tsjin de ferbouwing en twivelje oft de komfort fan de wenning goed genôch bliuwt.
Arjen Brander fan it Fries Sociaal Planbureau

Yn it lânskip

Net allinnich yn de eigen wenning, mar ek yn it lânskip is de enerzjytransysje te fernimmen. Mear as de helte (57%) fan de respondinten jout oan dat de klimaatdoelen en de enerzjytransysje net ta skea gean moatte fan it lânskip. Mar hast de helte (46%) seit dat it ûnûntkomber is dat der yngrepen plakfine yn it lânskip mei de enerzjytransysje.
© Fries Sociaal Planbureau
It draachflak foar yngrepen as wynmûnen en sinneparken is net sûnder betingsten. Ut de antwurden fan de respondinten blykt dat oerlêst dêr in soad yn meispilet. Sawol yndividuele oerlêst (bygelyks slachskaad) as op it gruttere plaatsje (bygelyks oft yn wynmûne wol yn it lânskip past) wurde oanjûn as faktoaren. It makket minsken ek út oft sy belutsen wurde by it foarmjen fan it plan en of se dan sels gebrûk meitsje kinne fan de opwekke enerzjy.