Hantsjefol ynwenners op ynfojûn needopfang asylsikers Ljouwert

03 mrt 2020 - 23:39

Op de ynformaasjûn oer de komst fan 600 asylsikers nei Ljouwert binne tiisdei hast gjin ynwenners fan de stêd ôfkaam. Gemeente Ljouwert, it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA), VluchtelingenWerk Nederland, de plysje en de GGD organisearren de jûn om fragen fan minsken te beäntwurdzjen. De pear minsken dy't der wiene, hiene benammen fragen oer hoe't se helpe kinne. Fierder wiene it foaral politisy dy't harren op de jûn yn it WTC sjen lieten.

Op twa hannen te tellen

Yn in grutte seal yn it Westcord Hotel stiene fiif taffeltsjes klear. By eltse tafel stie in organisaasje dêr't je terjochte koene mei fragen oer bygelyks feiligens en sûnens, en algemiene fragen. De seal wie tige grut foar it tal besikers en wie benammen mei politisy en sjoernalisten folle. It tal belangstellenden wie op twa hannen te tellen.

De pear ynwenners dy't der wol wiene, makken harren gjin soargen oer de komst fan de asylsikers. Se ha goede ûnderfining mei foarige kear doe't der ek needopfang yn Ljouwert wie. "Ik wol my graach oanmelde as frijwilliger en bin benijd nei de mooglikheden", fertelt in ynwenner.

"Wêr is de befolking?"

Fraksjefoarsitter Jan Willem Tuininga fan FNP Ljouwert freget him ôf wêr't de ynwenners fan Ljouwert binne. "Wy as FNP sizze ek, je moatte helpe dêr't je helpe kinne, mar der binne noch in soad fragen. Wat fynt de befolking fan de komst fan de needopfang?", seit Tuininga. "Ik hie hjir wol mear minsken ferwachte, omdat de sinjalen op social media hiel oars wiene. Dêr wie dochs wol in hoop ûngerêstens. Mei dy minsken hie ik graach prate wollen."

Boargemaster Buma yn petear mei sjoernalist en bewenner - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert Jan Willem Tuininga

Neffens boargemaster Buma is de stêd hiel geskikt foar de opfang fan de flechtlingen. "We hiene der wol rekken mei hâlden dat der net in soad minsken komme soene", fertelt Buma. "Ik ha dochs wol it idee dat minsken tinke: dit sil gebeure yn dizze stêd, dat begripe we wol."

De measte reaksjes dy't Buma krijt binne dan ek posityf, minsken wolle helpe. "Ik tink dochs dat dit in stêd is dy't gastfrij is en begrypt dat dizze minsken no ûnderdak nedich hawwe. Se ha ek al noed oer it feit dat it sokke sobere omstannichheden binne."

Gjin soargen

Dat der op sosjale media ek negative lûden binne oer de komst fan de needopfang, is foar Buma gjin reden om him soargen te meitsjen. "No moat ik sizze dat der nochal wat minsken op de sosjale media sitte dy't net yn Ljouwert wenje, mar dochs boas binne. De minsken yn de omjouwing begripe it en ha ek de erfaring fan 2015".

Mocht der al oerlêst komme, dan moatte ynwenners harren foaral hearre litte. "As der al wat gebeurt, en dat witte we net, dan helpt it COA foar opskaling. We ha de plysje, we ha hanthavening en we wolle ek dat minsken it melde as se wat hearre of sjogge wêrfan't sy tinke 'dit kin sa net'", fertelt Buma.

Ik ha dochs wol it idee dat minsken tinke: dit sil gebeure yn dizze stêd, dat begripe we wol.

Boargemaster Buma

Boargemaster Buma oer de needopfang yn Ljouwert

De aylsikers dy't nei Ljouwert komme, komme benammen út Syrië, Eritrea, Iran en Turkije. "Het gaat om de grootste groep vluchtelingen die we nog altijd binnen krijgen. Dit is wel de top vier", fertelt Jacqueline Engbers, kommunikaasje-adviseur fan COA. Der is gjin plak foar húshâldingen omdat de fasiliteiten dêr net nei binne. "We vinden de evenementenhal niet het meest geschikt voor gezinnen, dus daar zijn we altijd voorzichtig mee."

Ek Engbers hat benammen fragen krigen oer hoe't bewenners helpe kinne. "Ze hebben positieve ervaringen uit 2015." De asylsikers wurde 18 maart ferwachte en as it kin earder, mar it is net wis oft dat slagget. "Ik durf niet te zeggen of dat gaat lukken, er moet nog veel gebeuren."

Jacqueline Engbers fan COA oer de asylsikers dy't nei Ljouwert komme

(advertinsje)
(advertinsje)